Nije skatebaan iepene yn Snits

18 apr 2005 - 05:50

Mei skatewedstriden foar de jeugd is sneon de twadde skatebaan fan Snits offisjeel iepene. Der wie fuortdaliks in soad belangstelling foar Skatepark Tinga. Under de jeugd wie al in skoft ferlet fan in twadde lokaasje foar skaters.

Oant no ta wie der allinnich mar in skatebaan yn it Noarden fan de stêd, yn de wyk De Zwette. Yn it Suden fan de stêd is foar de jeugd fierder net in soad te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)