Nije sirene foar ambulânses

17 feb 2009 - 12:25
  • Sirenes plysje, brânwacht en ambulânse no itselde

Ambulânsetsjinst Kijlstra yn Dokkum hat tiisdei as earste yn Fryslân de nije sirene yn gebrûk naam. Dy sirene hat gjin trije toanen mear, mar twa. Fan 1 maart ôf wurde alle trijetoanige sirenes yn Nederlân ferfongen troch twatoanige.

Neffens de wet moat de sirene fan de ambulânse aanst itselde klinke as dy fan de brânwacht en de plysje. Dêrnêst is de nije sirene in stik lûder as de âlde, omdat auto's tsintwurdich folle better ysolearre binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)