Nije sintrale Harns mei

20 aug 2008 - 09:17
  • Sa komt de sintrale der út te sjen

De reststofenerzjysintrale yn Harns mei boud wurde, as it oan de provinsje Fryslân leit. Neffens de provinsje foldocht de yntsjinne miljeufergunning oan de easken.

Yn ´e sintrale, dy´t yn 2010 der stean moat, wurdt ôffal ferbaarnd om enerzjy op te wekken. De minsken yn ´e omkriten binne benaud dat der gefaarlike stoffen frijkomme sille. Mar de provinsje tinkt dat de ûne mei dizze miljeufergunning ien fan de skjinste fan Nederlân wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)