Nije sintrale foar MCL

17 sep 2007 - 17:29

Sikehûs MCL yn Ljouwert stekt twa miljoen euro yn in nije waarmtekrêftsintrale. Der wurdt safolle enerzjy ferbrûkt dat in eigen foarsjenning útkin. Ynkeapje by in leveransier kostet ek 2,5 ton yn de moanne.

Der wie al in sintrale, mar de nije is suniger en skjinner. De waarmte wurdt brûkt foar de sintrale ferwaarming. As der mear enerzjy makke wurdt as nedich is, giet it nei it gewoane net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)