Nije single Elske de Wall

28 mrt 2012 - 22:41

Sjongeres Elske de Wall hat woansdeitejûn yn Hilversum de nije single "Stains On My Heart" presintearre. It nûmer stiet op har twadde album "Brave", dat yn maaie útkomme sil. De singlepresintaasje wie yn de ferneamde Wisseloord studio's.

Begjin 2010 ferskynde de earste CD fan Elske de Wall, "Balloon over Paris". Ferskate lanlike radiostjoerders wiene oanwêzich by de nijste singlepresintaasje fan Elske de Wall.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)