Nije sellen plysjeburo Drachten

24 maaie 2005 - 13:48

It plysjedistrikt Drachten krijt it meast moderne sellekompleks fan Nederlân. Moandei is de earste stien lein fan it kompleks mei 24 sellen, dat mids 2006 klear wêze moat. Begjin takom jier wurdt yn Ljouwert ek úteinset mei de bou fan krekt sa'n selde kompleks.

De nije sellen binne nedich om de âlde sellen by de buro's te ferfangen. Troch alles by twa buro's te konsintrearjen, kin de plysje besunigje op persoaniel dat de wacht hâlde moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)