Nije seleksje foar Aris

29 aug 2006 - 09:37

Basketbalclub Aris fan Ljouwert is moandei oan it nije seizoen begûn mei in folslein nije seleksje. Seis Amerikanen en fiif Nederlânske spilers moatte yn alle gefallen better presteare as ferline jier. Doe waard Aris lêste.

De direksje en de technyske stêf binne posityf. Harren doelstelling is it beheljen fan de earste acht. Dat betsjut pleatsing foar de play-offs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)