Nije rotonde by Broeksterwâld

31 maaie 2006 - 10:49

Der komt lang om let in rotonde yn de N356 by Broeksterwâld. Omwenners hiene hjir by de provinsje op oantrúnd om't de krusing, dy't der no leit, tige gefaarlik wêze soe. Op de krusing komme de Haadwei, de Kavelwei en de Easterleane by elkoar en yn it ferline hawwe hjir in soad ûngemakken west.

De provinsje hat it ontwerp foar de rotonde no klear en wol noch ein dit jier út ein sette mei de oanlis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)