Nije rotonde boppe Surhústerfean

06 mrt 2002 - 00:00

Der komt dit jier noch in nije rotonde yn de N358 boppe Surhústerfean. Neffens de provinsje is dat feiliger. De rotonde moat komme by Surhústerfean-Noard. De oansluting fan de Kealewei op de N358 sil dan fuortfalle. Minsken dy't út dy rjochting komme moatte dan in stik omride. Bewenners fan de Kealewei binne dêrom poer op de oanlis fan de nije rotonde tsjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)