Nije roazen by Bûtenpost

15 apr 2013 - 17:22
  • Bloeiende roazen

Op seis plakken yn de Mieden wurde tiisdei wylde roazen plante. Steatsboskbehear, de gemeente en de Kruidhof yn Bûtenpost binne derby belutsen. De roazen hearre yn it gebiet en dizze aksje is bedoeld om foar te kommen dat dizze planten op de lange termyn ferdwine.

Op guon plakken dêr't se no noch stean, giet it wetterpeil omheech en dêrtroch wolle de roazen dêr minder goed. Dêrom binne dy stekke by de Kruidhof en wurde no útsetten op mear gaadlike plakken. Der sitte soarten tusken dy't lanlik hiel seldsum binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)