Nije rjochter frege yn ATF-saak

07 sep 2006 - 06:18

De rjochter yn de strafsaak tsjin trije direkteuren fan ôffalferwurker ATF út Drachten is net neutraal en moat ferfongen wurde. Dat fersyk die de advokaat fan it bedriuw woansdei.

Neffens de ATF-direksje mei de rjochter him net mear mei de saak bemuoie om't er yn in earder stadium wegere hat om tsjûgen te hearren. It fersyk fan de advokaat wurdt besjoen en as de rjochter him weromlûke moat, sil der in nije rjochter komme moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)