Nije rioelpiip Ljouwert teplak

21 des 2010 - 14:05
  • Dizze lieding moast 20 meter de grûn yn...

De nije rioelpiip ûnder it Van Harinxmakanaal yn Ljouwert leit te plak. Nettsjinsteande de strange froast koene meiwurkers moandeitenacht trochwurkje en de lieding fan 900 meter ûnder de grûn trochlûke.

De piip is by Goutum de grûn yn gien en is by de brânwachtkazerne wer nei boppe helle. Dit is gebeurd op 20 meter djipte. De boaroperaasje koste seis ton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)