Nije rioelparslieding tusken Oerterp en Drachten

07 jan 2015 - 10:41
  • Underwetterdrone (argyffoto)

Der komt in nije rioelwetterparslieding tusken Oerterp en Drachten. Wetterskip Fryslân is dwaande mei de tariedings foar de oanlis dêrfan. De lieding wurdt oanlein omdat de rioelwettersuveringsynstallaasje yn Wynjewâld tichtgiet. Ut ûndersyk docht bliken dat it effisjinter is om it ôffalwetter fan Wynjewâld yn Drachten te suverjen.

Tusken Wynjewâld en it rioelgemaal fan Oerterp leit al in parslieding. Dy bliuwt lizzen, mar sil yn de takomst yn omkearde rjochting funksjonearje.

Fan it gemaal yn Oerterp ôf wurdt in nije lieding oanlein nei Drachten. Dat sil yn 2016 plakfine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)