Nije rioellieding Súdlannen

20 des 2010 - 16:33

In 24-oere operaasje moandei yn Ljouwert. Dêr is it bedriuw Hak ynfrasktruktuer dwaande mei de oanlis fan in nije rioellieding nei de wiken Súdlannen en Techum. Dy lieding moat fan it Drachtsterplein ôf ûnder it Van Harinxmakanaal trochlutsen wurde. Dat wurk is sneintenacht begûn en moat yn in dei tiid klear wêze.

De ôfrûne wiken is ek al it nedige foarwurk dien. It oanlizzen fan de rioellieding en alles wat dêrby heard kostet sa'n 4 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)