Nije ringmuorre om tsjerkhôf

04 okt 2011 - 12:13

Yn Aldeberkeap is tiisdei begûn mei de tariedings foar de bou fan in nije ringmuorre om it tsjerkhôf fan de Bonifatiustsjerke. De âlde muorre sit fol skuorren en op in soad plakken sitte de stiennen los. Tsien jier lyn al binne de earste plannen makke.

By ûndersyk binne de fûneminten fan in âlde poarte ûntdutsen. Dy poarte sil wer opboud wurde. Op 20 juny takom jier moat de nije muorre mei de rekonstruearre poarte klear wêze, mar dan moat it waar wol wat meiwurkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)