Nije rige fan Bear Boeloe

10 mrt 2012 - 13:26

Omrop Fryslân Televyzje komt fan moandei ôf mei in nije rige oer Bear Boeloe. Fjouwer jier lyn hold tekenares Helena de Boer op mei it meitsjen fan Bear Boeloe-ferhaaltsjes. Se hie gjin ynspiraasje mear nei goed 650 ôfleveringen. No slagget it har wol wer ferhaaltsjes te meitsjen. Dy binne de kommende wiken alle wurkdagen om tsien foar seizen te sjen by Omrop Fryslân Televyzje.

Fanwege de nije searje is der in imitaasjewedstriid fan personaazjes út Bear Boeloe. Op www.omropfryslan.nl/bearboeloe is ynformaasje dêroer te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)