Nije riedseal wurdt djoerder

01 nov 2009 - 11:32

It gemeentebestjoer fan Opsterlân wol goed 2,5 miljoen euro frijmeitsje foar de ferbouwing fan de riedseal en de kantine fan it gemeentehûs. Fan dat jild moat ek it Andreahûs mei dêryn de keamers fan b. en w. útwreide wurde. De gebouwen binne nei 33 jier ta oan in flinke opknapbeurt.

Earder waard útgien fan in ynvestearring fan 1,8 miljoen. De ferbouwing wurdt 8 ton djoerder trochdat de maatregels om enerzjy te besparjen heger útfalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)