Nije reorganisaasje by Bijlsma

22 okt 2003 - 00:00

By skipshelling Bijlsma op De Lemmer komt in nije reorganisaasje. Dêrtroch ferlieze sa'n 20 fan de 75 wurknimmers har baan. De direksje hat de fakbûnen en it personiel woansdeitemiddei op de hichte brocht.

Neffens de direksje is noch net dúdlik oft dizze reorganisaasje genôch is. Dat hinget ek ôf fan it rûnkommen fan in opdracht foar de bou fan njoggen skippen. Der binne noch problemen mei de finansiering fan dat projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)