Nije reklame yn Frjentsjer

29 mrt 2007 - 14:07

By Bakkerij Schaafsma yn de binnenstêd fan Frjentsjer is tongersdei in nij metalen úthingboerd ûntbleate. It giet hjir om in boerd dat de útkomst is fan it nije reklamebelied fan de gemeente Frjentsjerteradiel.

Reklames op strjitte en oan gevels moatte oantrekliker makke wurde. Sa meie der bygelyks gjin ljochtbakken mear brûkt wurde. De nije rjochtlinen binne ûntstien by de werynrjochting fan de binnenstêd fan Frjentsjer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)