Nije regels foar hynstehâlders

05 des 2008 - 16:35

De gemeente Littenseradiel wol nije regels foar hynstehâlders ynstelle. Oanlieding is in nije wet foar it wolwêzen fan hynders.

Hieltyd mear minsken hâlde in hynder. De gemeente hat dêr hast gjin sicht op. Foar it oanlizzen fan in bûtenbak of it begjinnen fan in maneezje moat elk fansels in fergunning oanfreegje. Mar fierders hat Littenseradiel gjin sicht op en kontrôle oer de hobbyhynstehâlders. De gemeente fynt dat dat oars moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)