Nije reedrydhal yn Ljouwert wurdt oplevere

16 jul 2015 - 12:55
  • De direksje fan de iishal yn Ljouwert krijt de kaai fan de bouwers
  • IIshal Ljouwert
  • De nije iishal yn Ljouwert

De direksje fan de nije Aldestêde-iishal yn Ljouwert hat tongersdei offisjeel de kaai krigen fan it nije gebou. Bougroep Dijkstra Draisma en Jorritsma Bouw binne sa goed as klear mei it wurk.

Personiel fan de reedrydhal wurket al sûnt twa wiken yn de nije hal. Begjin augustus begjint de nasjonale shorttrackseleksje mei trainings yn de nije iishal. De offisjele iepening is yn de twadde helte fan septimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)