Nije rêdingsboat op Skylge

30 maaie 2007 - 10:23
  • De rêdingsboaten fan de KNRM kinne konkurrinsje ferwachtsje
  • It kasko fan de nije boat leit al klear

Rederij Noordgat op Skylge giet de konkurrinsje mei de KNRM oan mei in nije superflugge rêdingsboat. De boat, de Hurricane, hat de nijste technyske snufkes oan board. Sa krijt de boat in brânbluspomp dy't goed 260 kuub wetter yn it oere ferwurkje kin.

De boat kin twa pasjinten ferfiere. Troch de grutte brânstoftanks is de boat ynsetber by ûngemakken oant wol 1500 kilometer fan Skylge. Yn septimber moat de boat farre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)