Nije radiowein foar Omrop

07 maaie 2007 - 16:36
  • De nije (links) en de âlde radiowein

Nei 18 jier wikselet Omrop Fryslân syn âlde radiowein yn foar in nijen. Fan moandei ôf is de opfallende truck te sjen by eveneminten lykas Oerol, PC en it skûtsjesilen.

Mei de wein is it mooglik om út alle plakken yn de provinsje wei liveútstjoerings te meitsjen foar radio en tillevyzje. Foar tillevyzje wurdt dan it lûd regele. By grutte eveneminten kin de bestickering fan de wein oanpast wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)