Nije programmearring Omrop

02 apr 2013 - 17:39
  • Omrop

Omrop Fryslân komt dizze hjerst mei in folslein nije programmearring. Op tillevyzje ferdwine fjouwer programma's: Boppeslach, De K-rûte, Need Op Freed en Klipkar+. Hjoed, It Waar en Hea! bliuwe bestean. Yn de twadde healoere komt in magazine, wêryn't romte is foar sport, kultuer en oare saken dy't yn Fryslân spylje.

Op de radio ferdwine de programma's Omnium, Dat Wie Doe, Muzyk Maskelyn, Jazzkafee Wijnbergen, Fersykplaten en De Dei Foarby. Muzyk yn Bedriuw en Omrop Fryslân Aktueel tusken de middei wurde in oere langer.

De nije programmearring is in direkt gefolch fan de besunigingen fan Omrop Fryslân. Hoe't de programma's der krekt út komme te sjen, wurdt yn de kommende moannen útwurke. De nije programmearring begjint op moandei 23 septimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)