Nije produksjemetoade boaten

06 jul 2009 - 23:20

In nije produksjemetoade moat de bou fan boaten meikoarten effisjinter en better meitsje.

It Fryske bedriuw Promorfo fan It Hearrenfean docht dizze moanne proeven mei in nije portaalfreesmasine en in nij prosedee om pluggen en mallen te meitsjen. Dy foarmen wurde brûkt om boaten te bouwen. Mei de nije produksjemetoade kin de foarm út ien materiaal makke wurde en dat helpt om problemen mei it einprodukt foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)