Nije priis: Gouden Oldehove

26 mrt 2010 - 18:21

De gemeente Ljouwert is in arsjitektuer- en duorsumheidspriis riker. It giet om de Gouden Oldehove dy't letter dit jier útrikt wurdt. De priis is bedoeld om arsjitektuer en duorsumens by de bou fan wenten yn Ljouwert te stimulearjen.

De priis bestiet út twa ûnderdielen, ien dy't troch in faksjuery takend wurdt en ien dy't it publyk bepaald. Dat publyk kin fan 26 april ôf stimme fia de webside fan de gemeente Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)