Nije praktyske soarchoplieding

16 jan 2014 - 21:41

Learlingen fan Stenden Hegeskoalle en it Fryslân College, dy't in takomst yn de soarch wolle, kinne fuortdaliks oan it wurk by soarchynstelling Alliade. De âlde wize fan staazjerinnen ferdwynt dermei. Dat ha de twa skoallen en Alliade ôfsprutsen yn in gearwurkingskontrakt.

Der moat in totaal nije oplieiding komme, om't de learlingen dy't no mei in diploma fan skoalle komme net goed passe yn it soarchsysteem fan no. Nij is benammen dat de oplieding geandewei it wurkjen yn de ynstelling ûntwikkele wurdt.

De studint wurket foar in grut part yn de ynstelling yn de praktyk. De learlingen gean allinnich foar fakken as bygelyks Ingelsk nei de lokalen werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)