Nije politike studintepartij

09 des 2009 - 10:47

Ljouwert kriget der in politike partij by. Studinten fan de NHL hawwe har ûnder de namme 'Student058' ynskreaun foar de ferkiezings fan 3 maart 2010. Se wolle har ynsette foar de belangen fan de studinten yn Ljouwert. Ek wolle se dat de mooglikheden fan studinten mei in hege oplieding hawwe, better ynset wurde foar de stêd.

It bestjoer wol ek studinten fan de hegeskoallen Van Hall en Stenden deryn behelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)