Nije politike partij yn Harns

26 nov 2009 - 09:20

Harns hat der in nije politike partij by: Frisse Wind Harlingen. De partij hat as wichtichste doel de bou fan de nije ôffaloven stil te setten. Ek wol de partij boargers mear ynspraak jaan yn de polityk. Frisse Wind Harlingen hat gjin politike kleur.

De partij is in inisjatyf fan in tal ferûntrêste boargers. Sy meitsje har soargen oer de komst fan de ôffaloven. Frisse Wind Harlingen operearret los fan de Stichting Afvaloven Nee. Dy hat besletten net yn de polityk te stappen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)