Nije poging bergjen konteners

06 jan 2004 - 00:00

Rykswettersteat en Multraship út Terneuzen besykje woansdei op 'e nij de trjie gifkonteners te bergjen. Se lizze op 20 myl út de kust fan Flylân en sitte fol mei fetten arseenpentokside. Foar safier't bekend is, lekke se net.

Fan 't wykein is ek al besocht de konteners te bergjen. Dat slagge net fanwegen it minne waar. De konteners en de giffetten foelen 21 desimber by in stoarm fan in frachtskip ôf yn de Noardsee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)