Nije poddestoel fûn op Amelân

20 des 2013 - 10:49
  • Ien fan de beide bysûndere swammen

Nederlân is in nij soart poddestoel riker: de saneamde koraalswam. Dizze soart waard sawol fûn op It Amelân as by Katwijk. De koraalswam hjit yn it Dútsk de Steppenkoralle en yn it Latyn de Ramaria roelinii.

Theo Kiewiet fan It Amelân fûn de nije poddestoel yn de dunen by Buren. Mar dat wie net alles, want op it Oerd fûn hy saneamde Anijskoraalswammen dy't yn de ôfrûne 23 jier noch mar sân kear earder sjoen binne yn Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)