Nije plysjepost wykeins ticht

11 okt 2011 - 17:14

De nije binnenstêd-plysjepost fan Ljouwert is op freed- en sneontenacht ticht. De post soe iepen wêze moatte foar it publyk fynt in mearderheid fan de gemeenteried. Neffens de ried wie dat ek goed ôfpraten.

Fraksjefoarsitter fan it CDA, Harry van der Molen, wol der graach nochris oer prate mei de plysje, mar pleitet yn elk gefal foar in proef om te sjen oft der ferlet is fan nachtlike iepenstelling yn it wykein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)