Nije ploech Van der Wal

09 nov 2005 - 18:51

Hurdfytser Eelke van der Wal hat foar it kommende seizoen in nije ploech. De 24-jierrige Holwerter sil útkomme foar it 'Fondas P3 Transfer Team' yn Brabân.

Eelke van der Wal fytste de lêste twa jier by de beropshurdfytsers. Mar de Shimano-ploech fan ploechlieder Piet Hoekstra ferlingde syn kontrakt net. Van der Wal wol nei ien jier yn de nije ploech op 'e nij de sprong nei de profs meitsje. Wim Stroetinga fan Aldeberkeap wurdt ploechmaat van Van der Wal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)