Nije ploech foar Leenstra

03 maaie 2010 - 15:54
  • Marrit Leenstra tekenet it nije kontrakt

Reedrydster Marrit Leenstra fan Wikel hat in nije ploech. De 21-jierrige Leenstra sil ride foar de Hofmeier reedrydploech. Se hat in kontrakt tekene foar twa jier.

Marrit Leenstra krige gjin kontraktferlinging by de TVM-ploech nei in min seizoen. Yn it ôfrûne seizoen slagge Leenstra der net yn om har te pleatsen foar de grutte kampioenskippen en de Olympyske Spelen yn Vancouver.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)