Nije plant groeit op It Amelân

24 aug 2014 - 10:43
  • Kliflamsear, nije plant op It Amelân
  • Kliflamsear, nije plant op It Amelân

Op It Amelân is in nije plant ûntdutsen. It is de kliflamsear, in nije plantesoart foar Nederlân. It programma Vroege Vogels makke dat snein bekend. Op it waadeilân steane 100 stiks fan it plantsje op in stik kwelder.

Kliflamsear hat blaugriene blêden mei pearsblauwe blommen. De soart komt foar lâns de Europeeske westkust fan Noard-Spanje oant Ingelân. De soart dy't op It Amelân fûn is, groeit op kliffen en rotsen, yn de dunen en op kwelders fan Noardwest Frankryk oant yn Súdeast Ingelân. Amelân is it meast noardlike en eastlike fynplak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)