Nije plannen foar keunstsintrum

25 nov 2000 - 14:46

De stifting byldzjende keunst Fryslân wol besykje twa miljoen gûne te krijen fan it bedriuwslibben, foar in nij sintrum foar byldzjende keunst. Dat moat komme yn de Infirmerie yn Ljouwert.

It keunstsintrum hie eins al klear wêze moatten, mar brân yn de Infirmerie soarge foar fertraging. It nije sintrum krijt in moderne útstrieling, mei ûnder mear in grutte glêzen hal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)