Nije paus Benedictus XVI

20 apr 2005 - 10:28

Pastoar Te Velde fan de Titus Brandsma- Parochy yn Ljouwert is ferrast troch de rppe kar foar de nije paus. De 78- jierrige Dútske kardinaal Joseph Ratzinger waard tiisdei nei amperoan 25 oeren konklaaf ta paus útroppen.

Benedictus XVI sil it belied fan de eardere Paus Johannes Paulus II fuortsette, sa ferwachtet Te Velde. De Fryske fikarus tinkt net dat de nije paus fernijings bringe sil oer de posysje fan de frou of seksualiteit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)