Nije partoeren yn haadklasse

23 jul 2006 - 17:02

Nei de PC komme der yn de haadklasse wer fjouwer nije formaasjes yn it fjild. Klaas Berkepas giet fierder mei Pieter Scharringa en Daniël Iseger. Simon Minnesma sil keatse mei Jan Willem van Beem en Douwe Groenendijk.

Jan Dirk de Groot wurdt opslagger by André Kuipers en Auke van der Graaf. Robert Rinia komt yn de krite mei Tjitte Bonnema en Folkert van der Wei. De nije formaasjes komme foar it earst yn aksje op de snein nei de PC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)