'Nije partijen wurde negeard'

18 feb 2011 - 12:10

Partijen dy't meidogge oan de provinsjale steateferkiezings moatte gelyk behannele wurde. Dat freget fraksjefoarsitter Waterlander fan 50plus oan Verbeet, foarsitter fan de Twadde Keamer. Hy fynt dat syn nije partij net deselde kânsen krijt as de sittende partijen.

Sa krijt 50plus bygelyks gjin romte fan de NOS om syn stânpunten ûnder de oandacht te bringen. Ek Fryske ynstellingen dy't mei ryksjild betelle wurde, slute de partij 50plus út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)