Nije partijen Steateferkiezing

06 des 2010 - 14:45

Twa nije partijen hawwe harren oanmeld foar de provinsjale ferkiezings fan takom jier. It giet om Verenigd Links/Feriene Lofts en om Provinciaal Belang Friesland. Dy wie earder aktyf as Gemeentebelangen Friesland.

Politike partijen dy't al yn provinsjale steaten of yn de Twadde Keamer sitte, hoege har net oan te melden. Dat jildt ek foar de PVV, dy't yn maart foar it earst meidocht yn Fryslân. Yn jannewaris wurde de kandidaten bekendmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)