Nije partij yn Smellingerlân

11 nov 2009 - 06:25
  • De partij wol mear huzebou yn doarpen

In nije politike partij yn Smellingerlân set him yn foar mear wentebou yn de doarpen. De Sociaal Liberale Volkspartij wol sa de achterstannen ynhelje dy't ûntsteane no't der yn Drachten net boud wurdt.

De SLVP wol ek dat it bysûnder ûnderwiis by it iepenbier ûnderwiis ûnderbrocht wurdt. Fierder moat de provinsje de nije spoarline tusken It Hearrenfean en Grins betelje en moatte der keapsneinen yn Drachten komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)