Nije partij yn Smellingerlân

04 jan 2014 - 15:44
  • Gemeentehûs Smellingerlân

Gemeentebelangen Smallingerland, Smallingerlands Belang en de Sociaal Liberalen foarmje in nije partij yn oanrin nei de gemeenteriedsferkiezings fan maart. De partij hjit de Eérste Lokale Partij. Gemeentebelangen en Smallingerlands Belang hiene al langer plannen om tegearre fierder te gean. De Sociaal Liberalen, in ôfsplitsing fan de VVD, is der letter by kaam.

Chiel Bolt is keazen as listlûker en de bedoeling is dat Yntze de Vries fraksjefoarsitter wurdt. Op dit stuit hawwe de trije partijen mei-inoar fiif fan de 31 sitten yn de ried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)