Nije parkeargaraazje yn Ljouwert

19 des 2000 - 09:51

De parkeargaraazje oan it Hoeksterein yn Ljouwert is moandei offisjeel yn gebrûk naam troch wethâlder Den Oudsten. Der kinne 400 auto's yn de garaazje. Dêrmei moat it parkearprobleem yn Ljouwert foar in grut part oplost wêze.

Mei de parkeargaraazje ûnder it Aldehoustertsjerkhôf wurdt net foar 2002 út ein set. In ferwiissysteem moat no dúdlik meitsje yn hokker garaazje plak is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)