Nije parkeargaraazje giet sneon iepen

07 nov 2014 - 06:39
  • Parkeargaraazje Oasterstrjitte
  • Parkeargaraazje Oasterstrjitte
  • De nije garaazje
  • Parkeargaraazje Oasterstrjitte

De nije parkeargaraazje Oosterstraat yn Ljouwert wurdt sneon offisjeel iepene. De garaazje telt 250 plakken. Dy sille oerdeis brûkt wurde troch meiwurkers fan de provinsje. Op keapjûnen, sneons en keapsneinen is de garaazje ek foar besikers fan it sintrum iepen.

Der is twa jier wurke oan de garaazje. Derby binne ûnder oare dûkers ynset, nei't de bouput fan de garaazje ûnder wetter setten wie. Wenningstichting Elkien moast apparteminten slope om de bou fan de garaazje mooglik te meitsjen.

Yn 2015 begjint de bou fan nije apperteminten boppe-op de garaazje. De winkeliers yn de Oosterstrjitte en omkriten binne bliid mei de garaazje. Sy ferwachtsje mear oanrin, no't parkearen foar klanten makliker wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)