Nije paralleldyk no al te smel

24 apr 2012 - 15:55

De nije paralleldyk tusken Hallum en Stiens is fierstente smel foar lânbouferkear. Dat wiist in proef út dy't tiisdei dien is. De dyk is krékt breed genôch foar ien trekkerkombinaasje. Foar combines en bieteroaiers is de dyk te smel.

It probleem is dat it lânbouferkear op dat stik net op de grutte dyk, de N357, mei. Dat mocht yn it ferline wol. De boeren binne ûntefreden oer de nije situaasje, foaral omdat de provinsje net nei de problemen harkje wolle soe. De boeren binne benaud foar gefaarlike situaasjes.

As trekkers inoar passeare wolle, moatte se wol gebrûk meitsje fan it fytspaad, en dat kin wer gefaarlik wêze foar fytsers. As it net oars kin sille de boeren dochs wer oer de grutte dyk ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)