Nije paadwizers yn Ljouwert

20 maaie 2005 - 17:25

Yn de binnenstêd fan Ljouwert is freed in grut tal nije paadwizers yn gebrûk nommen. De paadwizers binne begjin dit jier hielendal fernijd. Soks is ûnderdiel fan it projekt 'Binnenstêd - Nijstêd'. Besikers fan Ljouwert kinne no har paad fine nei 34 ynstellings.

Ferskate organisaasjes hawwe der oan meibetelle. Meikoarten moatte noch wol in pear ferbetterings oanbrocht wurde. Sa binne der noch paadwizers dy't ferkeard stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)