Nije otter-passaazje ûnder A7 by Terwispel is klear

03 nov 2015 - 16:16
  • Op dit plak is foar twa miljoen in bistetunnel oanlein ûnder de A7

Twa miljoen euro hat it koste: de nije biste-passaazje ûnder autodyk A7 by Terwispel. De tunnel ferbynt de natoergebieten de Dulf en de Alde Mersken. Fan kommende moandei ôf moat er soargje foar in feilige oerstek fan otters, amfibyen en slangen.

Yn it rivierke it Alddjip komme frijwat bisten foar. Dy koene oant no ta net feilich oerstekke. Yn de tunnel sit in spesjale râne foar de otter. Dêrnjonken ferwachtsje de boskwachters dat er ferskate amfibyen, slangen en fûgels de tunnel brûke sille.

Oankommende moandei wurdt de tunnel iepene foar wetter en alle bisten dêr't de tunnel foar oanlein is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)