Nije opslachromte foedselbank

18 mrt 2013 - 12:44

De foedselbank Smellingerlân hat yn Drachten nije opslachromte fûn. It gebou oan De Hemmen waard te lyts, om't der ek libbensmiddels opslein wurde foar trjettjin oare foedselbanken yn Fryslân. De nije opslach sit oan de Bolder yn it gebou fan in gruthannel foar blommen dy't foarich jier fallyt gien is. Trochdat der mear opslachmooglikheden binne kinne klanten fan de foedelsbank no ek in itenspakket mei mear ferskaat krije. Se hoege dêrfoar ek net mear bûten yn in rige te stean, mar kinne nei binnendoar in pakket ôfhelje.

By de Drachtster foedselbank binne 65 frijwilligers aktyf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)