Nije opset Helgolân-reis

06 apr 2004 - 00:00

Op de trijejierlikse Helgolânreis fan de Ynterfryske Rie is it folksdûnsjen fan it program helle op 'e grutte feestjûn. De lêste kear soargen de optredens yn tradisjonele klean foar opskuor om't benammen de jongere generaasje dêr gjin oandacht foar hie.

Doel fan de reis nei Helgolân is om Friezen út Nederlân en Dútslân elkoar moetsje te litten. Nij op it program is de presintaasje fan ferskate sporten. De reis is fan 14 o/m 16 maaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)