Nije oplieding skipsbou Makkum

05 sep 2011 - 16:19

Der is grutte belangstelling foar de nije fakoplieding skipsbou by De Vries yn Makkum. Tweintich learlingen kinne der oan de slach, wylst der mear as 100 oanmeldings wiene. Ferline jier begûn De Vries al in proef mei in ynterne oplieding. Dat wurdt no dus permanint yn de mande mei ROC De Friese Poort.

De learlingen rinne kwa leeftyd in ein útinoar, de jongste is 16, de âldste 37. Yn twa jier tiid kinne sy in MBO-diploma skipsbou helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)